Sa’t in reehart
1
Sa’t in reehart nei wetter smachtet, is myn siel fol langst nei Jo.
Inkeld Jo binn’ myn djipst begearen, myn oanbidding is foar Jo.
Refrein:
Hear, Jo binne myn krêft, myn skyld, oan Jo fertrou ik my ta alhiel.
Inkeld Jo binn’ myn djipst begearen, myn oanbidding is foar Jo.
2
’k Haw Jo leaver as goud en sulver, Jo allinnich sêdzje my.
Inkeld Jo jouwe wiere freugde; o sa dierber binn’ Jo my.
Refrein
3
Freon en broer wolle Jo my wêze, mar myn Kening bliuwe Jo.
Folle mear as fan wa of wat ek hâld ik, leave Hear, fan Jo.
Refrein
tekst en muzyk Martin Nystrom, by Psalm 42
oersetting Kees Smit en Atze Bosch